Simmer 2018: Gryskse oarlochsheld Odysseus werom yn Fierwei

Yn ‘e simmer fan 2018 komt de Gryskse oarlochsheld Odysseus werom yn Fierwei, it Frykse doarpke dêr’t frou, bern en mienskip al sa lang op him wachtsje. Allinne, it komt dit jier wol wat rottich út. 2018 stiet ommers yn it teken fan feest, fan (iepen) mienskip, yn it teken fan it brede langstme ûnder de minsken om it goed mei mekoar te hawwen en te hâlden. Dus it is de fraach of de thúskomst fan ien, troch striid, oarloch en dea beswierre, no wol sa ’n fleurige bydrage oan al dy wille wêze sil. 

Mar toch is it wichtich dat hy delkomt. Wy sille twongen wurde stil te stean én in hiel ein op te rinnen mei in man, dy’t syn fertroude bertegrûn efterliet om yn Troje de striid te fieren út namme fan alle Friken. Dus wy binne it him einliks ferplichte, tusken alle kulturele hichtepunten, fonteinen en sjongerij troch, en nim him wer waarm op yn ‘e mienskip fan it bêste lân fan ‘e ierde, Frikelân. 

De foarstelling “Oeds fan Fierwei”, dêr giet dit stikje oer. In foarstelling yn it ramt fan it Ûnder de Toer-projekt, dat yn it noch jonge KH 2018-jier, al in pear foarstellingen oan Fryslân skonken hat, lykas “Marijke Muoi” yn Ljouwert en “De man dy’t hout dûnsje liet” yn Mantgum. En der komt noch folle mear ûnder ferskate tuorren rûnom. Ferhalen yn en om ‘e tsjerketoer, it plak, dêr’t ommers sa’n soad ferhalen ûntstean en ta in ein komme. 

Sa ek hjir. De tsjerken fan Reduzum, Idaerd en Friens stean simboal foar it betroude plak dat wy “thús” neame. Allinne, Oeds kin it thús net fine. Al ieuwen is it weromkommen út in oarloch, it weromkommen nei in swiere operaasje, it wer op ‘e nij de trie oppakke nei de dea fan in neiste, ien fan ‘e dreechste dingen dy ’t in minske oerkomme kin. Dus Oeds komt werom yn in mienskip dêr’t hy him net langer thús liket te fielen, en de mienskip fynt dat fansels net sa aardich. Wy hiene de man sa aardich tasongen, no moat er him wer in bytsje der byjaan! It is feest, no? 

Mar foar Oeds is de timpel leech. Gjin Goaden, gjin ferhaal. Leechte. Hoe moat it no komme ûnder de toer fan Fierwei? Yn “Oeds fan Fierwei” sille wy sjen of Oeds úteinlik it paad nei Fierwei weromfynt en of Fierwei syn romrofte soan wer in feilich thús biede kinne sil. En dat is net allinne mar in tragysk ferhaal, want gelokkich tilt it yn Fierwei op fan feestlike personaazjes, der wurdt hiel wat ôfsongen en dy fontein skynt ek hiel moai te wurden. Lit ús de mienskiplike taak op ús nimme en bliuw ticht by Oeds. Hy is ien fan ús, achtentweintichhûndert jier lyn én hjoed.  

In foarpriuwke fan de Fryske odyssee

Op lokaasjes yn Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum (FIER) wurdt de thúskomst fan oarlochsheld Oeds ferbylde. De feestkommisje is drok dwaande mei festiviteiten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. De nije fontein sil foar it earst spuitsje. Se hawwe gjin tiid foar Oeds dy’t, wer thús, syn draai net fine kin en nuver om him hinne slacht. Tiemen, syn soan, sjocht syn heit ploeterjen en freget him ôf: Hoe kin it doarp feestfiere? Hoe kinne de goaden sa fol fan harsels en harren fontein wêze, wylst hy en syn mem mei in grut fertriet wrakselje? Wêr binne se? 

—————————————-NEDERLANDS—————————————-

Een voorproefje van de Fryske odyssee 

Op locaties in Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum (FIER) wordt de thuiskomst van oorlogsheld Oeds uitgebeeld. In het kader van LF2018 is de feestcommissie druk met festiviteiten. De nieuwe fontein wordt dan gepresenteerd. Ze hebben geen tijd voor Oeds, die thuis zijn draai niet kan vinden. Tiemen, de zoon van Oeds, ziet dat zijn vader het moeilijk heeft en vraagt zich af: Hoe kan een dorp helemaal opgaan in het feest? Hoe kan het dat sommigen zo vol zijn van zichzelf en de fontein, terwijl hij en zijn moeder worstelen met een groot verdriet? Waar is iedereen?