Simmer 2018: Gryskse oarlochsheld Odysseus werom yn Fierwei

Yn ‘e simmer fan 2018 komt de Gryskse oarlochsheld Odysseus werom yn Fierwei, it Frykse doarpke dêr’t frou, bern en mienskip al sa lang op him wachtsje. Allinne, it komt dit jier wol wat rottich út. 2018 stiet ommers yn it teken fan feest, fan (iepen) mienskip, yn it teken fan it brede langstme ûnder de minsken om it goed mei mekoar te hawwen en te hâlden. Dus it is de fraach of de thúskomst fan ien, troch striid, oarloch en dea beswierre, no wol sa ’n fleurige bydrage oan al dy wille wêze sil. 

Mar toch is it wichtich dat hy delkomt. Wy sille twongen wurde stil te stean én in hiel ein op te rinnen mei in man, dy’t syn fertroude bertegrûn efterliet om yn Troje de striid te fieren út namme fan alle Friken. Dus wy binne it him einliks ferplichte, tusken alle kulturele hichtepunten, fonteinen en sjongerij troch, en nim him wer waarm op yn ‘e mienskip fan it bêste lân fan ‘e ierde, Frikelân. 

De foarstelling “Oeds fan Fierwei”, dêr giet dit stikje oer. In foarstelling yn it ramt fan it Ûnder de Toer-projekt, dat yn it noch jonge KH 2018-jier, al in pear foarstellingen oan Fryslân skonken hat, lykas “Marijke Muoi” yn Ljouwert en “De man dy’t hout dûnsje liet” yn Mantgum. En der komt noch folle mear ûnder ferskate tuorren rûnom. Ferhalen yn en om ‘e tsjerketoer, it plak, dêr’t ommers sa’n soad ferhalen ûntstean en ta in ein komme. 

Sa ek hjir. De tsjerken fan Reduzum, Idaerd en Friens stean simboal foar it betroude plak dat wy “thús” neame. Allinne, Oeds kin it thús net fine. Al ieuwen is it weromkommen út in oarloch, it weromkommen nei in swiere operaasje, it wer op ‘e nij de trie oppakke nei de dea fan in neiste, ien fan ‘e dreechste dingen dy ’t in minske oerkomme kin. Dus Oeds komt werom yn in mienskip dêr’t hy him net langer thús liket te fielen, en de mienskip fynt dat fansels net sa aardich. Wy hiene de man sa aardich tasongen, no moat er him wer in bytsje der byjaan! It is feest, no? 

Mar foar Oeds is de timpel leech. Gjin Goaden, gjin ferhaal. Leechte. Hoe moat it no komme ûnder de toer fan Fierwei? Yn “Oeds fan Fierwei” sille wy sjen of Oeds úteinlik it paad nei Fierwei weromfynt en of Fierwei syn romrofte soan wer in feilich thús biede kinne sil. En dat is net allinne mar in tragysk ferhaal, want gelokkich tilt it yn Fierwei op fan feestlike personaazjes, der wurdt hiel wat ôfsongen en dy fontein skynt ek hiel moai te wurden. Lit ús de mienskiplike taak op ús nimme en bliuw ticht by Oeds. Hy is ien fan ús, achtentweintichhûndert jier lyn én hjoed.