Stifting Theatergroep FIER hat as toel toaniel, muzyk, dûns, audiovisuele keunst uteringen, en kombinaasjes fan dizze kulturele uteringen yn Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum te befoarderjen. En dêrnjonken stimulearret de stifting de gearwurking tusken de ferskate ferieningen, organisaasjes e.o. op neamde terreinen.
De stifting hat in deistig bestjoer, besteande út:
Otto van der Meulen, foarsitter
Jappie de Vries, ponghâlder
Agatha Vermeulen, sikretaris,
Njonken it deistig bestjoer bestiet it bestjoer út 3 leden ôfkomstich fan de toanielferieningen fan de fjouwer doarpen en in ûnôfhinklik lid:
Sjoerd Hofstee, Tusken Swin en Moezel
Jannie Veenstra, Vriendenkring Idaerd
Janna Bokma, ROTO
Frederik van Dijk, ûnôfhinklik lid