Iepenloftspul Godlike Komeedzje 2.0 útstelt

It bestjoer fan Stichting Theatergroep FIER hat besletten om it iepenloftspul Godlike komeedzje 2.0 in jier út te stellen. Nei it sukses fan Oeds fan Fierwei yn 2018 (LF 2018) soe yn juny 2021 de nije produksje op in moaie lokaasje spile wurde. Mar it koroanafirus smyt roet yn it iten. It bestjoer fan FIER fynt it net fertroud om feilich en yn frijheid de kommende moannen te oefenjen. Dêrom wurdt de foarstelling trochskood nei juny 2022. 

—————————————-NEDERLANDS—————————————-

Het bestuur van Stichting Theatergroep FIER heeft besloten om het iepenloftspul Godlike komeedzje 2.0 een jaar uit te stellen. Na het succes van Oeds fan Fierwei in 2018 (LF 2018) zou in juni 2021 de nieuwe productie op een mooie locatie worden gespeeld. Maar het coronavirus gooit roet in het eten. Het bestuur van FIER ziet onvoldoende mogelijkheden om veilig en in vrijheid de komende maanden te kunnen oefenen. Daarom wordt de voorstelling doorgeschoven naar juni 2022. 

Tariedingen Godlike komeedzje 2.0 wer oars

It sil jim net fernuverje dat it mei de tariedingen fan ús nije stik (Godlike komeedzje 2.0) wer oars moat. Troch de strangere koroanamaatregels is it net mooglik om op sneon 14 novimber en op snein 29 novimber byinoar te kommen. We moatte yn elk gefal wachtsje oant mids desimber, hooplik is de situaasje dan ferbettere. As der dan wer mear mei en kin, prikke we nije datums.  

De earste frijwilligers, spilers en sjongers hawwe har al opjûn. Dat is moai. Der sille ek minsken wêze dy’t der tsjinoan skytskoarje. Dochs wolle wy graach dat jim reagearje as jim meidwaan wolle. Alles trochskowe nei 2022 kin altyd noch, mar wy hoopje dat we yn 2021 los kinne. Opjaan kin by:

Agatha Vermeulen (vermeulenagatha@kpnplanet.nl) of
Koos Wieling (kwieling@upcmail.nl). 

Gearkomste foar frijwilligers

Wat wie it dochs moai, de simmer fan 2018. Oeds fan Fierwei sloech foar master op yn ús doarpen. We binne hast trije jier fierder en wolle graach yn 2021 wer los. As dat allegearre slagget troch de koroana is fansels lang net wis. Mar de plannen binne der. It stik is fierwei klear. Oan de lieten wurdt wurke. Dêrom dizze oprop! 

Sneon 14 novimber 2020 om 15.00 oere ha wy in gearkomste foar de frijwilligers. Wolle jo/jimme meidwaan (klean, dekôr, ferkear en oare omballingen) dan graach opjaan via info@theatergroepfier.nl. It kin wêze dat we, as der in protte flecht op ’e koai is, de saak splitse yn twa skiften. Dy twadde sesje begjint om 16.30 oere. De lokaasje wurdt noch bekend makke! 

Snein 29 novimber 2020 fan 09.30 oere oant 15.00 oere: audysje. Moarns de toanielspilers, middeis de sjongers. As it kin dogge we dit op ’e boppeseal by Jeroen en Lutske. Opjaan op de mailadressen dy’t yn dit stikje stean. 

**As it net trochgean kin (koroana) dan hearre jim it** 

—————————————-NEDERLANDS—————————————-

Wat was het toch mooi, de zomer van 2018. Oeds fan Fierwei was geweldig in onze dorpen. We zijn bijna drie jaar verder en willen graag in 2021 weer los. Als dat allemaal lukt door corona is natuurlijk lang niet zeker. Maar de plannen zijn er. Het stuk is bijna klaar. Aan de liedjes wordt gewerkt. Daarom deze oproep!  

Zaterdag 14 november 2020 om 15.00 uur hebben we een bijeenkomst voor de vrijwilligers. Wilt u/jullie meedoen (kleren, decor, verkeer en andere bijkomstigheden) dan graag opgeven via info@theatergroepfier.nl. Bij een hele grote deelname zullen we in twee groepen werken. Die tweede sessie begint dan om 16.30 uur. De locatie wordt nog bekend gemaakt!  

Zondag 29 november 2020 van 09.30 tot 15.00 uur: auditie. ’s Ochtends de toneelspelers,’s middag de zangers. Als het kan doen we dit op  de bovenzaal bij Jeroen en Lutske. Opgeven op de mailadressen die in dit stukje staan.  

**Als het niet doorgaat (corona) dan horen jullie het**