Tariedingen Godlike komeedzje 2.0 wer oars

It sil jim net fernuverje dat it mei de tariedingen fan ús nije stik (Godlike komeedzje 2.0) wer oars moat. Troch de strangere koroanamaatregels is it net mooglik om op sneon 14 novimber en op snein 29 novimber byinoar te kommen. We moatte yn elk gefal wachtsje oant mids desimber, hooplik is de situaasje dan ferbettere. As der dan wer mear mei en kin, prikke we nije datums.  

De earste frijwilligers, spilers en sjongers hawwe har al opjûn. Dat is moai. Der sille ek minsken wêze dy’t der tsjinoan skytskoarje. Dochs wolle wy graach dat jim reagearje as jim meidwaan wolle. Alles trochskowe nei 2022 kin altyd noch, mar wy hoopje dat we yn 2021 los kinne. Opjaan kin by:

Agatha Vermeulen (vermeulenagatha@kpnplanet.nl) of
Koos Wieling (kwieling@upcmail.nl). 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *