Wat soe it dochs…

Wat soe it dochs moai wêze as de minsken it ris mei-elkoar iens waarden.
Wat soe it dochs moai wêze as wy ús oardiel oer alles net allinne op emoasjes basearren.
Wat soe it dochs moai wêze as wy earst ris neitochten foar’t we wat sizze.
Wat soe it dochs moai wêze as elkenien yn Reduzum itselde tocht oer De saak De Haan.

Mar nee.

Der binne dus yn ús doarp, dêr’t we oars sa mei-inoar-ien binne, helaas, helaas, in pear minsken, dy’t der Oars Oer Tinke. Dy’t net sjogge hoe’t dizze situaasje rûnom de Haan fan Sjirk en Japke ús doarp hielendal stikken makket.

En it binne altyd deselden. Ik bedoel, dy mefrou De Morero (of hoe’t se mar hjit), it is in bêst minske. Mar se praat mei har hynder. Dus wat sy allegear mient fertelle te moatten op Facebook oer ‘De relatie tussen mens en dier’ en ‘Dat wij ons moeten openstellen voor wat de Haan ons te zeggen heeft’, dat is fansels flauwekul. En ik ha heard dat Henk Hardware ek foar de hoanne is! Ek sa’n ien dy’t him altyd drok makket oer de ferkearde dingen. Lit him om syn hert tinke, de dwaas.

Ik? Nee, ik gean der net hinne yn juny. Al dy domme sensaasje. Ik bliuw lekker thús, in bytsje poezefilmkes sjen op myn mobyl. Dat fyn IK dus leuk. En salang’t wy hjir noch yn in frij lân libje doch ik wat IK leuk fyn. Ik lês wol yn ’e Linepraat fan july hoe’t it ôfrûn is. Mei De saak De Haan.

Boeiûh.