De sfear sit der al goed yn!

Op de boppeseal by Jeroen en Lutske wie it gesellich drok op 7 oktober. Nei in wurd fan wolkom troch foarsitter Otto van der Meulen, namen skriuwer Sietse de Vries en regisseur Karin Idzinga de oanwêzigen mei nei it stik Godlike Komeedzje 2.0.

In iepen loftspul oer Goden, robots en minsken. En fansels in ingel en in duvel! Koartsein giet it stik oer de minskheid dy ’t ta grutte dingen yn steat is, mar de wrâld net rêde kin. In prachtich ûnderdiel foarmet de muzyk: Hylke Tromp en Bert Noordenbos hawwe seis lieten makke, dêr ’t we by de gearkomste al ien fan repetearre ha. De sfear siet der gelyk goed yn!

Oan ‘e ein fan ‘e jûn hawwe in soad minsken de yntekenlisten ynfold foar toaniel, koar, muzyk of stypjende wurksumheden. Foar de toanielspilers binne der op sneon 13 novimber audysjes.

Oanmelde kin noch hieltyd: info@theatergroepfier.nl

Mear ynformaasje folget dan oer de mail.