Poster, kaartferkeap en mear….

De poster is klear! 
Siep van Lingen is der mar drok mei: hy hat net allinnich moaie foto’s makke, hy hat ek de poster ûntwurpen. Ynkoarten hawwe we grutte, hiele grutte en lytse posters dy’t we jim mei jaan kinne. Sa kin elkenien yn de omjouwing fan Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum witte dat de Godlike Komeedzje 2.0 der is. Fansels sykje wy ek de kranten op. Begjin juny komt de Ljouwerter krante del.

De kaarferkeap set útein op 10 maaie. Alles rint fia ús website www.theatergroepfier.nl  At der minsken binne dy’t dat net slagget, dan binne der wol oplossingen foar. Nim dan efkes kontakt op mei it bestjoer: info@theatergroepfier.nl

Fierders binne wy benadere troch juryleden fan de Gouden Gurbe. Dus spilers, sjongers en muzikanten: it wurdt serieus!

Ta beslút kinne wy noch altyd frijwilligers foar allerhande saken brûke. 

Repetearje yn Friens

Op 5 april binne we foar de repetysjes ôfset nei de pleats fan Johan Bergsma yn Friens. Efkes wenne oan de kjeld, mar in prachtige lokaasje om it iepenloftgefoel te ûnderfinen. It koar bliuwt noch efkes repetearjen yn de kantine, mar ek sy wurde aanst op lokaasje by elkoar foege. Der kinne noch hieltyd koarleden by!

De bouploech û.l.f. Hylke Riemersma is him oan it tarieden en sa gau as de ‘earste snee’ fan it lân is, wurdt it dekôr opboud. Ek de naaiploech û.l.f. Minke Jorna is al drok dwaande en treft de nedige tariedings. It parkearjen yn Friens wurdt troch in tal manlju út Friens yn kaart brocht, de ferkearsgroep stiet û.l.f. Binne Sjonger.

De technyk is yn hannen fan Frederik van Dijk en hy sil der mei syn team wer in bysûndere draai oan jaan.

Telefyzje skermen en hannen socht!

Hasto noch in âlde wurkjende telefyzje stean, mei in plat skerm fan in aardich formaat, lit it ús witte!!

Foar allerhanne putsjes hawwe wy frijwilligers nedich. Hast sin om in tal jûnen te helpen mei ferkear regelje, kofje skinke, kaartkontrôle of wat der allegearre by komt, jou dy dan foaral op by: info@theatergroepfier.nl In soad hannen meitsje licht wurk!

Sa om 10 maaie hinne begjinne we mei de online kaartferkeap.

Repetysjes binne los!

Yn de earste wike fan febrewaris binne de repetysjes fan de Godlike Komeedzje 2.0. begûn. Nettsjinsteande de besmettingen stiet it Coronasein op grien en kinne we lang om let repetearje mei koar, band en spilers. Fansels neffens de jildende regels foar Corona. Moandeitejûn hat Bert Noordenbos mei de muzikanten en sjongers repetearre. Tiisdei wie de earste lêsrepetysje foar de spilers ûnder lieding fan regisseur Karin Idzenga en skriuwer Sietse de Vries. De sportkantine fan Reduzum biedt genôch romte om hjir te repetearjen.