Spilers en sjongers Godlike Komeezdje 2.0
Spilers
Joop Plantinga
Geeske Plantinga
Jikke Plantinga
Sjongers
Bûtenlânske besite yn Friens!
Op ‘e earste dei fan ‘e simmer – 21 juny – hawwe wy bûtenlânske besite krigen yn Friens! Fertsjintwurdigers út Servië, Finlân, Denemarken en Ierlân binne trije dagen op ‘ en paad troch Fryslân.
Se dogge mei oan it Europeesk útwikselingsprojekt ‘Culture Up’ (mei Keunstwurk, Provinsje Fryslân en Arcadia ). Utwikseling fan kennis, ekspertize oer keunst en de belutsenhied fan de mienskip yn it lanlik gebiet steane dêrby sintraal.
Wy hawwe ús gasten ferteld hoe ’t FIER begûn is as nij inisjatyf yn it ramt fan LF 2018 / Under de Toer en dat wy dit jier de produksje ‘ Godlike Komeedzje 2.0 ’ opfiere. De gasten wiene bot ûnder de yndruk fan it moaie plak yn Friens en de grutte belutsenheid fanút de doarpen.
FIER by Op & Ut fan Omrop Fryslân
Sneon 18 juny wie FIER te belûsterjen by Op & Ut fan Omrop Fryslân radio (op 2:39:40 is it te belústerjen). Wy gongen mei it presintaasjeduo Roelof Lousma en Douwe Heeringa yn petear oer ús iepenloftspul Godlike Komeedzje dat 29 juny yn premjêre giet. Lústerje!
Kaartferkeap is los!
Godlike Komeedzje 2.0 wurdt in prachtich iepenloftspul! Keapje gau kaarten foardat se op binne!
Ferlotting
Op ‘e Versmarkt fan 3 juny is in ferlotting: eltse klant kin in bryfke ynfolje mei namme en telefoannûmer. Wy ferlotsje dan 2 frijkaarten!