Sjoch, dat mei dy hoanne fan Sjirk en Japke, dat is fansels in grut drama, al hielendal no’t Chris him sa gean litten hat op syn Instagram. Mar no hat Sjirk dus ek noch spul mei de Bouma’s. En wy hiene allegearre ferwachte dat de Bouma’s in geunstige ynfloed hawwe kinne soene op Sjirk. Mar op ien of oare wize is dêr wat misgien.

Neffens my kinne wy it oer ien ding wol iens wêze: it kin sa net langer. It ferhaal giet, dat Thomas tsjin Sjirk sein hat: “Kinst dy hoanne it bêste ôfmeitsje, dat is better foar elkenien.” Doe sei Sjirk: “Dan meitsje ik dy rothûn fan jim ôf, dy’t altyd by ús foar yn it perkje skyt.” En ik moat earlik tajaan, der lizze sa no en dan keutels yn dat perkje. Of dy keutels fan Thomas Bouma syn hûn binne, dat wit ik dan wer net, der binne fansels mear yn Reduzum dy’t te beroerd binne om de stront fan harren bisten mei in plestik pûdsje op te rêden, ik neam gjin nammen, mar jim witte wa’t jim binne.
Hoe dan ek, it is mar goed, dat de Ridende Rjochter der by komt. En it goede nijs: hy komt net yn july, nee, hy komt al yn JUNY! Dat hie ik dus even ferkeard begrepen. Mar ja, as je alles fan in oar hearre, dan hearre je it wolris ferkeard, no? Yn ’e Linepraat fan juny kitelje wy jim noch in bytsje fierder!!
*Kitelder is goed-Frysk foar teaser