De útfieringen fan De saak De Haan binne op:

Datum TiidWat
Sneon 21 juny20.00 oereGenerale
Snein 22 juny14.00 oereFoarstelling
Freed 27 juny20.00 oereFoarstelling
Sneon 28 juny20.00 oereFoarstelling
Snein 29 juny14.00 oereFoarstelling
Tongersdei 3 july20.00 oereFoarstelling
Freed 4 july20.00 oereFoarstelling
Snein 6 july14.00 oereFoarstelling 

Folgje ús op Facebook of Instagram om op ‘e hichte te bliuwen fan de kaartferkeap! Wolst wat mear witte oer it stik? Sjoch dan by Rabberij De saak De Haan. Der wurdt al omraak oer praten….

De saak De Haan

Wat is dat ynienen mei de hoanne fan Sjirk en Japke fan nûmer seis?

Goed, hy kraaide altyd al, gewoan moarns betiid, wat wolris ferfelend wie foar Wim en Tineke fan nûmer fjouwer, mar goed, wy gunne mekoar wat op ús doarp. Mar no kraait dat bist sûnt in moanne de hiele dei troch- en nachts ek.

En as de hûn fan Thomas de hoanne kraaien heart, dan blaft er- mar oars as oars. In yslik blaffen. De kij fan Schotanus, se hearre de hoanne kraaien, en dan âlje se, mar sa ynkringend, dat je der raar fan wurde. En it skiep fan Hilde mjekket- mar it is in aaklik mjekjen.
Chris fan nûmer twa (dy sûnt syn scooter-ûngelok thús sit), waard twa wike lyn hielendal gek fan it kraaien en hat oeral rûnferteld dat de hoanne fan Sjirk en Japke behekst is. Dat hearde Sjirk en dy hat dêr frijwat agressyf op reageard en doe rûn it ferline wike dus in bytsje út ‘e hân.

Gelokkich komt hjoed de ridende rjochter del en dy sil in lykwichtich oardiel besykje út te sprekken oer wat yn ús doarp no al “De saak de Haan” neamd wurdt. Sil it rjocht fiktoarje kraaie?

“De saak de Haan” spilet yn en om de âlde frachtweinen fan Van der Werff yn it moaie doarp Reduzum, want dat like de minsken fan FIER in moai plak om in ridende rjochter te ûntfangen.

Mar fansels, as de saak ûnderbrutsen wurde moat, kinne wy der even út. En dan kinne we sa links en rjochts ris even hearre hoe’t it sa fier komme koe en sa moai ús eigen oerdiel oer ien en oar foarmje. Want wy witte dat jim graach oer alles in bytsje meiprate wolle…

FIER hat yn en om de doarpen Reduzum, Idaerd, Friens en Eagum earder twa foarstellings makke, “Oeds fan Fierwei” yn 2018 en “De goddelike komeedzje 2.0” yn 2022.

Yn 2025 is FIER dus werom mei “De saak de Haan”, in foarstelling ynspireard op it ferneamde boek “Animal Farm” fan George Orwell út 1944. Sytse Broersma, Peter Sijbenga en Janneke de Haan wurkje yn dizze foarstelling wer gear, lykas yn “Oeds fan Fierwei” en it artistyke team is noch útwreide mei goreografe Willy van Assen.

Wat in bisteboel

Soenne de bisten it oernimme yn 2025?

Yn 2025 komt der wer in foarstelling fan Theatergroep FIER.

Om dizze nije foarstelling te meitsjen hawwe wy de hulp ynroppen fan Sytse Broersma, Peter Sijbenga, Janneke de Haan en Willy van Assen. De earste trije persoanen kinne jimme fêst noch wol fan de sukses foarstelling Oeds fan Fierwei.

It nije gesicht yn dit kreatyfteam is Willy van Assen. Sy hat mei har eigen bedriuw Danswil ferskate dûnsfoarstellings makke foar jong en âld. Ek is se mei-eigner en makker by dansverhaal.nl. Peter, Janneke en Willy ha yn 2019 meardere foarstellings makke mei as tema Molke 2.0

Ut de “brainstormsessie” fan ferline simmer binne de ynbrochte ideeën foarleint oan Sytse, Peter, Janneke en Willy. Yn goed oerlis is in kar makke om, as útganspunt, de roman Animal farm fan George Orwell te brúken. De foarstelling sil seker net it ferhaal fertelle fanút it boek, mar sil wol de tema’s beljochtsje.

Wat it wurde sil, witte wy ek noch net, mar wy hawwe alle fertrouwen yn dit kreatyfteam om hjir wer in bysûndere foarstelling fan te meitsjen. Dat it in hiel oare foarstelling as Oeds fan Fierwei en de Godlike komeedzje 2.0 sil wurde, kinne wy jimme alfêst wol ferklappe.

Yn de kommende moannen sille wy jimme op de hichte hâlden.

Folgje ús op Facebook en Instagram foar it lêste nijs.

Op de foto it kreatyfteam foar 2025. Fan links nei rjochts: Sytse Broersma, Willy van Assen, Janneke de Haan en Peter Sijbenga.