Dêr ha je it gedonder al…

‘Ook Rijdende Rechter verdwijnt van tv door bezuinigingen bij publieke omroep’ kopt de NOS.

Sjoch, dêr ha je it gedonder al. Neffens ús is it ien grut komplot en binne it gjin “bezuinigingen”. De Rijdende Rechter wurdt ‘cancele’ omdat hy te folle dwaande is mei de rjochtspraak foar bisten.
Sa ha wy heard dat hy mei in saak De Haan ferbûn is…
Tsja, dan witte jimme it wol, dat kin net goed gean.

Wolle jimme hjir mear fan witte, kom dan nei ien fan ús foarstellings!

Kitelder nûmer 3

Sjoch, dat mei dy hoanne fan Sjirk en Japke, dat is fansels in grut drama, al hielendal no’t Chris him sa gean litten hat op syn Instagram. Mar no hat Sjirk dus ek noch spul mei de Bouma’s. En wy hiene allegearre ferwachte dat de Bouma’s in geunstige ynfloed hawwe kinne soene op Sjirk. Mar op ien of oare wize is dêr wat misgien.

Neffens my kinne wy it oer ien ding wol iens wêze: it kin sa net langer. It ferhaal giet, dat Thomas tsjin Sjirk sein hat: “Kinst dy hoanne it bêste ôfmeitsje, dat is better foar elkenien.” Doe sei Sjirk: “Dan meitsje ik dy rothûn fan jim ôf, dy’t altyd by ús foar yn it perkje skyt.” En ik moat earlik tajaan, der lizze sa no en dan keutels yn dat perkje. Of dy keutels fan Thomas Bouma syn hûn binne, dat wit ik dan wer net, der binne fansels mear yn Reduzum dy’t te beroerd binne om de stront fan harren bisten mei in plestik pûdsje op te rêden, ik neam gjin nammen, mar jim witte wa’t jim binne.

Hoe dan ek, it is mar goed, dat de Ridende Rjochter der by komt. En it goede nijs: hy komt net yn july, nee, hy komt al yn JUNY! Dat hie ik dus even ferkeard begrepen. Mar ja, as je alles fan in oar hearre, dan hearre je it wolris ferkeard, no? Yn ’e Linepraat fan juny kitelje wy jim noch in bytsje fierder!!

*Kitelder is goed-Frysk foar teaser  


De ridende rjochter komt nei Reduzum!

It is lang gjin koek en ei yn ‘e buorren, dat de ridende rjochter komt nei Reduzum! 😮 Chris reage der ek sa nuver yn om op Instagram… Wolst neat misse fan De saak De Haan, sjoch dan op ús socials en keapje foaral gau dyn kaarten! Want der kinne by de foarstellingen mar sa’n 100 minsken tagelyk wêze.

Kitelder nûmer 2

Sa as jim al heard ha komt dizze simmer De Ridende Rjochter nei Reduzum!

No tinke jim, hee, dat stie dochs al yn ’e Linepraat fan maart? Jawis! Mar der binne der altyd by, dy ha dat even mist, ha der oerhinne lêzen, wit ik folle. Der binne der ek by, dy donderje de Linepraat fuort by it âld papier. Ik neam gjin nammen, mar jim witte oer wa‘t ik it ha. Itselde folk dat noait meidwaan wol oan ’e merke, de doar tichthâldt foar de kollekte en it ferpoffe om in DHL-pakketsje foar de buorlju oan te nimmen. No ja, lit ek mar. Je moatte it op in doarp dwaan mei de minsken dy’t WOL wolle! Dy dit lêze en tinke: De saak De Haan, dat giet ús allegearre oan!

Want it bliuwt spitich, hoe’t ús hechte mienskip trochelkoar skodde wurdt troch dit konflikt. De ien seit: in kraaiende hoanne dat heart derby, oars moast yn Ljouwert sitten gean. De oar seit: nee, dat kraaien is net mear fan dizze tiid. En Chris hie dat fansels net op Instagram sette moatten.

Dat ha jim allegear sjoen toch? Hie er de koppen fan Sjirk en Japke yn in foto fan ’e duvel plakt! Mei AI of hoe hyt soks. Chris is ek net langer de âlde Chris sûnt syn scooterûngelok. Mar goed, it sil my benije hoe’t dat dus komt aanst yn july 2025, by Van der Werff yn ’e loads. Dus, net stinne, derhinne! En nim jim buorlju mei! Yn ‘e Linepraat fan maaie kitelje wy jim noch in bytsje fierder!!