Sjoch, dêr ha je it gedonder al. Neffens ús is it ien grut komplot en binne it gjin “bezuinigingen”. De Rijdende Rechter wurdt ‘cancele’ omdat hy te folle dwaande is mei de rjochtspraak foar bisten. Sa ha wy heard dat hy mei in saak De Haan ferbûn is… Tsja, dan witte jimme it wol, dat kin net goed gean.
Sjoch, dat mei dy hoanne fan Sjirk en Japke, dat is fansels in grut drama, al hielendal no’t Chris him sa gean litten hat op syn Instagram. Mar no hat Sjirk dus ek noch spul mei de Bouma’s. En wy hiene allegearre ferwachte dat de Bouma’s in geunstige ynfloed hawwe kinne soene op Sjirk. Mar op ien of oare wize is dêr wat misgien.
Neffens my kinne wy it oer ien ding wol iens wêze: it kin sa net langer. It ferhaal giet, dat Thomas tsjin Sjirk sein hat: “Kinst dy hoanne it bêste ôfmeitsje, dat is better foar elkenien.” Doe sei Sjirk: “Dan meitsje ik dy rothûn fan jim ôf, dy’t altyd by ús foar yn it perkje skyt.” En ik moat earlik tajaan, der lizze sa no en dan keutels yn dat perkje. Of dy keutels fan Thomas Bouma syn hûn binne, dat wit ik dan wer net, der binne fansels mear yn Reduzum dy’t te beroerd binne om de stront fan harren bisten mei in plestik pûdsje op te rêden, ik neam gjin nammen, mar jim witte wa’t jim binne.
Hoe dan ek, it is mar goed, dat de Ridende Rjochter der by komt. En it goede nijs: hy komt net yn july, nee, hy komt al yn JUNY! Dat hie ik dus even ferkeard begrepen. Mar ja, as je alles fan in oar hearre, dan hearre je it wolris ferkeard, no? Yn ’e Linepraat fan juny kitelje wy jim noch in bytsje fierder!!
It is lang gjin koek en ei yn ‘e buorren, dat de ridende rjochter komt nei Reduzum! 😮 Chris reage der ek sa nuver yn om op Instagram… Wolst neat misse fan De saak De Haan, sjoch dan op ús socials en keapje foaral gau dyn kaarten! Want der kinne by de foarstellingen mar sa’n 100 minsken tagelyk wêze.
Ha jim it al heard? Oer de earste gearkomste fan sjongers en spilers fan De saak De Haan? Neffens ús siet der wat troch de kofje, wat moat dit wurde yn juny en july? Moast dit filmke no ris sjen😮
Folgje ús op Facebook of Instagram om op ‘e hichte te bliuwen fan de kaartferkeap! Wolst wat mear witte oer it stik? Sjoch dan by Rabberij De saak De Haan. Der wurdt al omraak oer praten….