
De kaartferkeap foar De saak De Haan begjint 20 april om 12.00 oere.
Wat moai dat jo nei de foarstelling komme wolle. Hjirûnder kinne jo snein fan 12.00 oere ôf de kaarten bestelle. De kaarten kostje € 20,- it stik, boekingskosten sitte hjir by yn.
De kaarten wurde fia de mail tastjoerd. Gjin mail krigen? Sjoch dan at er tusken de spam/ongewenste mail bedarre is.
De útfieringen binne op 22, 27, 28 en 29 juny en 3, 4 en 6 july.
Der is rom plak om te parkearen. Giet de foarstelling net troch – bygelyks fanwege it waar – dan krije jo dêr in mailberjocht oer. By in matineefoarstelling in dei yn ’t foar, by in jûnsfoarstelling de moarns foar 12.00 oere.