Liedteksten

IEPENINGSLIET
Muzyk: Bert Noordenbos
Tekst: Hielke Tromp

Kearsang (Elkenien)
Wêr moat it hinne mei de wrâld? Dy fraach is no al wit hoe âld,
mar dy gjalp wurdt mei de jierren aloan lûder.
De hiele skepping giet fallyt, want de ierde wurdt te hyt.
It poaliis raant al. Wis, it kin hast net beroerder.

Froulju
It klimaat rint út de hân. Dêr’t it grien wie, is no sân
Yn de grutte oseanen stiicht it wetter.

Elkenien
Hiel it minskdom is yn need. Is de wrâld no wier sa wreed?
NEE! De wrâld is goed, de minsken koene better.

Froulju
Wy minsken binn’ hast allegearre sljocht op de natoer:
en dêr sille wy dan ek manmachtich hinne.

Elkenien
Wy fleane yn ús auto leafst de hiele weareld oer,
Om’t wy thús net mear in blomke fine kinne.

Manlju
De greiden haww’ gjin fleur mear: alle fjilden binne grien;
mei de blomkes binne dus de bijkes ek fergien.

Froulju
Sjoch: in boer hat neat oan blommen, want in ko fret gers en hea.
En dus spuitsje se de blommen en fuort de bijkes dea.

Elkenien!
Want… Wat giet noch heger as it heechste ideaal?
IT KAPITAAL !!!

Kearsang (Elkenien)
Wêr moat it hinne mei de wrâld? Dy fraach is no al wit hoe âld,
mar dy gjalp wurdt mei de jierren aloan lûder.
De hiele skepping giet fallyt, want de ierde wurdt te hyt.
It poaliis raant al. Wis, it kin hast net beroerder.

EVOLÚSJELIET
Arr.: Bert Noordenbos
Tekst: Hielke Tromp

De gelearden binn’ der hjoed-de-dei wol wis fan:
It begjin fan de skepping wie in grutte knal.
It wie BATS! It alderearste wûnder.
En sjoch: dêr hiest de hiele kosmos al.

Gleone krêften stoden gysten útinoar.
Sa ûntstie de ierde, want dêr wie no romte foar.
Mar de skepper koe it libben dêr net op kwyt;
alles moast earst noch bestjurje, want de grûn wie fierste hyt.

Neat bliuwt by ’t âlde.
Wa sil tiid tsjinhâlde?
Ivich wurdt it letter.
Hoopje mar fan better.

Yn de hitens fan dy skriklike oerklap
waarden stadichoan atomen smeid.
Earst in pear, doe aloan mear en doe in protte.
It wie net mear te kearen: evolúsje wie in feit.

Dy atomen waarden grutter en se klibben oaninoar.
Sa ûntstiene eleminten en ek dy ferienen har:
Foarmen stringen en dy stringen op har bar wer in patroan,
en dy stringpatroanen lutsen oare stringpatroanen oan.

Neat bliuwt by ’t âlde.
Wa sil tiid tsjinhâlde?
Ivich wurdt it letter.
Hoopje mar fan better.

PANKOEKLIET
Arr.: Bert Noordenbos
Tekst: Hielke Tromp

De pannekoekejoadel, pannekoekejoadel
Jodelododo, jodeliodododo

Guon minsken miene samar dat se alles kinne,
wylst de measten eins mar grutte stumpers binne.
Master Murphy hat ús leard: Wat ferkeard kin, giet ferkeard.
Mar al rint it út en troch beroerd, wy binn’ ta wat yn steat.

Wy kinne hiel wat oan, mar wy grieme faak gewoan.
Sa giet dat fan heit op soan.

Ja, wy bakke leafst ús eigen pankoeken sels.
En dat wit ik, dat witte jo, ja dat wit elts.
Want wat men ’t alderleafste mei,
dat is stro fan eigen daai.
Fan in oar syn baksels wurdt in minsk rebelsk.
(Of helsk.)

Is it daai oan ien kant gear,
dan is de pankoek klear!
Smyt him yn ’e loft en as er op ’e stiennen ploft,
tropje him dan ek net wer yn de pankoekspan,
mar meitsje dêr moarn potstro fan.

De pannekoekejoadel, pannekoekejoadel
Jodelododo, jodelododo, jodelododo
De pannekoekejoadel, pannekoekejoadel
Jodelododo, jodeliodododo

MASINEWRÂLD
Arr.: Bert Noordenbos
Tekst: Hielke Tromp

Masines.

’t Is in masinewrâld.
Fertel my net dat ik gjin siel haw.
As ik de wrâld bestjoer,
dan is it mei jimm’ gekheid oer.

Se sizze: ’t Docht my neat.
Ten djipsten bin ik in minsk gelyk.
Ferbaarn my, ferfries my,
of skein, knoei of knies my.
Mei swartskroeide stielknoppen driuwsto my oan.
Mar nimmen, nee nimmen, nee nimmen krijt my stikken of bedoarn.

Wat no minsken!

Wy hawwe gjin krupsjes, gjin lêst fan ’e kop.
Wy fjuchtsje foar frede, wy jouwe nea op.
Wy skrieme net, witt’ fan gjin rêst.
Fan leafde, fan hate haww’ wy gjin lêst.

’t Is in masinewrâld,
mei in allemachtich grut ûnthâld.

Wat no minsken!

Libje yn de takomst.
Tinken, dat hat west.
Libje yn de takomst.
Hjoed is al ferpest.
Masinewrâld.
’t Is in masinewrâld.

HÚSHÂLDHELP
Arr.: Bert Noordenbos
Tekst: Hielke Tromp

Is de keamer dien? Hm-hm.
Oanrjucht? Skjin!
Iten? Klear.
O jakkes! Wat kin ik dan noch dwaan?

Ik kin it suver net oan.
Alles giet yn in gysten patroan. Uh huh.
Of is ’t in aaklike dream
mei alles wat der bart ik hjir beneam. Hm hm.
O, der draaft in robot as in gek troch it hûs:
wat ik dwaan sil, hat er al dien.
Op iten, op drinken, op alles wurdt past
en de wask leit al sûkerskjin yn de kast.

O ja, it giet allegearr’ elektrysk.
It is my fierstente hektysk.
De lûdsprekkers blaze.
En ikke mar raze:
Ho! Ho!! Ho-ho-ho!!!
De elektryske man seit: Hâld jimm’ de kop!
Want ik bin jimm’ húshâldhelp.
En ikke mar roppe fan: Donderje op!
Ik hoech gjin húshâldhelp.
Húshâldhelp, húshâldhelp, húshâldhelp, húshâldhelp.

Mar hy is net te hâlden,
ik hoech hjir gjin slach mear te dwaan.
Ik hoech gjin stof te sûgjen,
gjin matten en kleedsjes mear út te slaan.
It húske is skjin, neat is him te min,
en alles wurdt dien yn in wink.
Wat soe ik noch wolle: ’k bin oer en tefolle.
’k Wurd al mislik as ik der oan tink.

O ja, it giet allegearr’ elektrysk.
It is my fierstente hektysk.
De lûdsprekkers blaze.
En ikke mar raze:
Ho! Ho!! Ho-ho-ho!!!
De elektryske man seit: Hâld jimm’ de kop!
Want ik bin jimm’ húshâldhelp.
En ikke mar roppe fan: Donderje op!
Ik hoech gjin húshâldhelp. Húshâldhelp.

EVOLÚSJELIET
Arr.: Bert Noordenbos
Tekst: Hielke Tromp

Hoefoll’ ivichheden hat it wol net duorre
dat yn dy hite brij de earste sel ûntstie,
dat tusken al dy myriaden deade stikjes
in lyts en primityf bewiis fan libben wie.

Dy earste sel, sa freeslik iensum, socht in oaren.
Dy keppels waarden letter langjend mei inoarren ien.
Sa is út it ferlet om mien te wêzen
lang om let de alderearste minsk ûntstien.