De útfieringen fan De saak De Haan binne op:

Datum TiidWat
Sneon 21 juny20.00 oereGenerale
Snein 22 juny14.00 oereFoarstelling
Freed 27 juny20.00 oereFoarstelling
Sneon 28 juny20.00 oereFoarstelling
Snein 29 juny14.00 oereFoarstelling
Tongersdei 3 july20.00 oereFoarstelling
Freed 4 july20.00 oereFoarstelling
Snein 6 july14.00 oereFoarstelling 

Folgje ús op Facebook of Instagram om op ‘e hichte te bliuwen fan de kaartferkeap!

Kitelder nûmer 2

Sa as jim al heard ha komt dizze simmer De Ridende Rjochter nei Reduzum!

No tinke jim, hee, dat stie dochs al yn ’e Linepraat fan maart? Jawis! Mar der binne der altyd by, dy ha dat even mist, ha der oerhinne lêzen, wit ik folle. Der binne der ek by, dy donderje de Linepraat fuort by it âld papier. Ik neam gjin nammen, mar jim witte oer wa‘t ik it ha. Itselde folk dat noait meidwaan wol oan ’e merke, de doar tichthâldt foar de kollekte en it ferpoffe om in DHL-pakketsje foar de buorlju oan te nimmen. No ja, lit ek mar. Je moatte it op in doarp dwaan mei de minsken dy’t WOL wolle! Dy dit lêze en tinke: De saak De Haan, dat giet ús allegearre oan!

Want it bliuwt spitich, hoe’t ús hechte mienskip trochelkoar skodde wurdt troch dit konflikt. De ien seit: in kraaiende hoanne dat heart derby, oars moast yn Ljouwert sitten gean. De oar seit: nee, dat kraaien is net mear fan dizze tiid. En Chris hie dat fansels net op Instagram sette moatten.

Dat ha jim allegear sjoen toch? Hie er de koppen fan Sjirk en Japke yn in foto fan ’e duvel plakt! Mei AI of hoe hyt soks. Chris is ek net langer de âlde Chris sûnt syn scooterûngelok. Mar goed, it sil my benije hoe’t dat dus komt aanst yn july 2025, by Van der Werff yn ’e loads. Dus, net stinne, derhinne! En nim jim buorlju mei! Yn ‘e Linepraat fan maaie kitelje wy jim noch in bytsje fierder!!


Kitelder nûmer 1

Sa as jim al heard ha komt dizze simmer De Ridende Rjochter nei Reduzum! Of miskien ha jim dat nét heard, mar dat is net wierskynlik, want jim witte hoe’t it giet op in doarp.

Dus dat is hjir by ús net oars. As op ’e Douwe Sikke Bangmastrjitte ien de foet in bytsje ferknoffelet, sit er in kertierke letter yn ’e Master Gorterstrjitte al yn it gips, leit er op it Suderom binnen it healoere al yn it MCL en dan duorret it net lang mear of Oan it Swin witte se net better of de foet is al amputearre. Minsken oerdriuwe graach. Dêrom is toanielspylje ek sa populêr. Dus, ik gean der fanút, dat jim al it ien en oar heard ha.

Mar foar dyjingen dy’t it dus NET witte: yn juny 2025 is it safier. De saak De Haan, dy’t no al in pear wiken ús doarp yn ûnstjoer bringt, komt foar De Ridende Rjochter. En dêr kinne jim allegear by wêze! Yn ’e loads fan Van der Werff sil it oardiel útsprutsen wurde oer De Haan fan Sjirk en Japke en dat wurdt fansels in hiel spektakel, want Sjirk kennende, dy wol fansels net om lyk, no ja, jim kenne Sjirk. Dus de kâns, dat it foar de rjochter noch fierder út ’e hân rint, liket my frij grut. Dat wolst net misse toch? Dus, net stinne, derhinne! En nim jim buorlju mei! Yn ’e Linepraat fan april kitelje wy jim noch in bytsje fierder!!


Spilers en sjongers: kom nei de Priuwerij op 5 april

Op sneon 5 april, fan 10.00 oant 12.30 oere, fynt by it Friesch Transport Museum (Ayttawei 73, Reduzum) in teatrale priuwerij plak oer De saak De Haan. De priuwerij is foar alle spilers en sjongers dy’t har yntusken oanmeld hawwe. Hast dysels noch net opjûn, mar wolst wol meidwaan, meld dy dan gau oan op info@theatergroepfier.nl.

Fan 10.00 oere ôf stiet de kofje klear! Dizze moarn is der útlis oer it stik, de kostúms en de lokaasjes. Mei teäteroefeningen wurde de spilers alfêst meinaam yn it ferhaal en de rollen yn it stik. Koarleden sille dan ek wat lieten heare litte. Nei in koart skoft wurde in pear rollen fierder útdjippe en sil it kreatyf team fierder neitinke oer de ynfolling fan de rollen. 

De saak De Haan

Wat is dat ynienen mei de hoanne fan Sjirk en Japke fan nûmer seis?

Goed, hy kraaide altyd al, gewoan moarns betiid, wat wolris ferfelend wie foar Wim en Tineke fan nûmer fjouwer, mar goed, wy gunne mekoar wat op ús doarp. Mar no kraait dat bist sûnt in moanne de hiele dei troch- en nachts ek.

En as de hûn fan Thomas de hoanne kraaien heart, dan blaft er- mar oars as oars. In yslik blaffen. De kij fan Schotanus, se hearre de hoanne kraaien, en dan âlje se, mar sa ynkringend, dat je der raar fan wurde. En it skiep fan Hilde mjekket- mar it is in aaklik mjekjen.
Chris fan nûmer twa (dy sûnt syn scooter-ûngelok thús sit), waard twa wike lyn hielendal gek fan it kraaien en hat oeral rûnferteld dat de hoanne fan Sjirk en Japke behekst is. Dat hearde Sjirk en dy hat dêr frijwat agressyf op reageard en doe rûn it ferline wike dus in bytsje út ‘e hân.

Gelokkich komt hjoed de ridende rjochter del en dy sil in lykwichtich oardiel besykje út te sprekken oer wat yn ús doarp no al “De saak de Haan” neamd wurdt. Sil it rjocht fiktoarje kraaie?

“De saak de Haan” spilet yn en om de âlde frachtweinen fan Van der Werff yn it moaie doarp Reduzum, want dat like de minsken fan FIER in moai plak om in ridende rjochter te ûntfangen.

Mar fansels, as de saak ûnderbrutsen wurde moat, kinne wy der even út. En dan kinne we sa links en rjochts ris even hearre hoe’t it sa fier komme koe en sa moai ús eigen oerdiel oer ien en oar foarmje. Want wy witte dat jim graach oer alles in bytsje meiprate wolle…

FIER hat yn en om de doarpen Reduzum, Idaerd, Friens en Eagum earder twa foarstellings makke, “Oeds fan Fierwei” yn 2018 en “De goddelike komeedzje 2.0” yn 2022.

Yn 2025 is FIER dus werom mei “De saak de Haan”, in foarstelling ynspireard op it ferneamde boek “Animal Farm” fan George Orwell út 1944. Sytse Broersma, Peter Sijbenga en Janneke de Haan wurkje yn dizze foarstelling wer gear, lykas yn “Oeds fan Fierwei” en it artistyke team is noch útwreide mei goreografe Willy van Assen.

Ynformaasjemoarn

Sneon 19 oktober fan 9:30 tot 11:30 is der in ynformaasjemoarn wer it Kreatyfteam alles oer de foarstelling fan De saak de Haan fertelt. Elkenien dy’t nijsgjirrich is, spylje, sjonge of helpe wol, is fan herte wolkom.