Wat is dat ynienen mei de hoanne fan Sjirk en Japke fan nûmer seis?
Goed, hy kraaide altyd al, gewoan moarns betiid, wat wolris ferfelend wie foar Wim en Tineke fan nûmer fjouwer, mar goed, wy gunne mekoar wat op ús doarp. Mar no kraait dat bist sûnt in moanne de hiele dei troch- en nachts ek.
En as de hûn fan Thomas de hoanne kraaien heart, dan blaft er- mar oars as oars. In yslik blaffen. De kij fan Schotanus, se hearre de hoanne kraaien, en dan âlje se, mar sa ynkringend, dat je der raar fan wurde. En it skiep fan Hilde mjekket- mar it is in aaklik mjekjen.
Chris fan nûmer twa (dy sûnt syn scooter-ûngelok thús sit), waard twa wike lyn hielendal gek fan it kraaien en hat oeral rûnferteld dat de hoanne fan Sjirk en Japke behekst is. Dat hearde Sjirk en dy hat dêr frijwat agressyf op reageard en doe rûn it ferline wike dus in bytsje út ‘e hân.
Gelokkich komt hjoed de ridende rjochter del en dy sil in lykwichtich oardiel besykje út te sprekken oer wat yn ús doarp no al “De saak de Haan” neamd wurdt. Sil it rjocht fiktoarje kraaie?
“De saak de Haan” spilet yn en om de âlde frachtweinen fan Van der Werff yn it moaie doarp Reduzum, want dat like de minsken fan FIER in moai plak om in ridende rjochter te ûntfangen.
Mar fansels, as de saak ûnderbrutsen wurde moat, kinne wy der even út. En dan kinne we sa links en rjochts ris even hearre hoe’t it sa fier komme koe en sa moai ús eigen oerdiel oer ien en oar foarmje. Want wy witte dat jim graach oer alles in bytsje meiprate wolle…
FIER hat yn en om de doarpen Reduzum, Idaerd, Friens en Eagum earder twa foarstellings makke, “Oeds fan Fierwei” yn 2018 en “De goddelike komeedzje 2.0” yn 2022.
Yn 2025 is FIER dus werom mei “De saak de Haan”, in foarstelling ynspireard op it ferneamde boek “Animal Farm” fan George Orwell út 1944. Sytse Broersma, Peter Sijbenga en Janneke de Haan wurkje yn dizze foarstelling wer gear, lykas yn “Oeds fan Fierwei” en it artistyke team is noch útwreide mei goreografe Willy van Assen.