Bûtenlânske besite yn Friens!

Op ‘e earste dei fan ‘e simmer – 21 juny – hawwe wy bûtenlânske besite krigen yn Friens! Fertsjintwurdigers út Servië, Finlân, Denemarken en Ierlân binne trije dagen op ‘ en paad troch Fryslân.

Se dogge mei oan it Europeesk útwikselingsprojekt ‘Culture Up’ (mei Keunstwurk, Provinsje Fryslân en Arcadia ). Utwikseling fan kennis, ekspertize oer keunst en de belutsenhied fan de mienskip yn it lanlik gebiet steane dêrby sintraal.

Wy hawwe ús gasten ferteld hoe ’t FIER begûn is as nij inisjatyf yn it ramt fan LF 2018 / Under de Toer en dat wy dit jier de produksje ‘ Godlike Komeedzje 2.0 ’ opfiere. De gasten wiene bot ûnder de yndruk fan it moaie plak yn Friens en de grutte belutsenheid fanút de doarpen.

Kaartferkeap is los!

Godlike Komeedzje 2.0 wurdt in prachtich iepenloftspul! Keapje gau kaarten foardat se op binne!  

Ferlotting
Op ‘e Versmarkt fan 3 juny is in ferlotting: eltse klant kin in bryfke ynfolje mei namme en telefoannûmer. Wy ferlotsje dan 2 frijkaarten!

Poster, kaartferkeap en mear….

De poster is klear! 
Siep van Lingen is der mar drok mei: hy hat net allinnich moaie foto’s makke, hy hat ek de poster ûntwurpen. Ynkoarten hawwe we grutte, hiele grutte en lytse posters dy’t we jim mei jaan kinne. Sa kin elkenien yn de omjouwing fan Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum witte dat de Godlike Komeedzje 2.0 der is. Fansels sykje wy ek de kranten op. Begjin juny komt de Ljouwerter krante del.

De kaarferkeap set útein op 10 maaie. Alles rint fia ús website www.theatergroepfier.nl  At der minsken binne dy’t dat net slagget, dan binne der wol oplossingen foar. Nim dan efkes kontakt op mei it bestjoer: info@theatergroepfier.nl

Fierders binne wy benadere troch juryleden fan de Gouden Gurbe. Dus spilers, sjongers en muzikanten: it wurdt serieus!

Ta beslút kinne wy noch altyd frijwilligers foar allerhande saken brûke. 

Repetearje yn Friens

Op 5 april binne we foar de repetysjes ôfset nei de pleats fan Johan Bergsma yn Friens. Efkes wenne oan de kjeld, mar in prachtige lokaasje om it iepenloftgefoel te ûnderfinen. It koar bliuwt noch efkes repetearjen yn de kantine, mar ek sy wurde aanst op lokaasje by elkoar foege. Der kinne noch hieltyd koarleden by!

De bouploech û.l.f. Hylke Riemersma is him oan it tarieden en sa gau as de ‘earste snee’ fan it lân is, wurdt it dekôr opboud. Ek de naaiploech û.l.f. Minke Jorna is al drok dwaande en treft de nedige tariedings. It parkearjen yn Friens wurdt troch in tal manlju út Friens yn kaart brocht, de ferkearsgroep stiet û.l.f. Binne Sjonger.

De technyk is yn hannen fan Frederik van Dijk en hy sil der mei syn team wer in bysûndere draai oan jaan.