Odysseus & Oeds in Eagum

Zo’n 25 personen bezochten gistermiddag de expositie over Odysseus & Oeds in Eagum waarbij Hylke Tromp een humoristische toelichting op dit bijzondere stukje Frykse historie gaf. Want die Grieken kunnen wel van alles beweren over beschaving en goden, zij wisten niet van het bestaan van de Friezen. En daardoor wisten ze bijvoorbeeld ook niet dat de naam van de Griekse zeegod Neptunus een verbastering is van Neef Theunis, een Friese zeevaarder! Wie er meer van wil weten, moet het Oera Linda-boek eens lezen. 

Eagumer Tjeerd van der Hem vertelde over wat hij mee had gemaakt met de oud-studentenvereniging Frisia, die regelmatig ûnder de toer fan Eagum een ontgroeningsceremonie hield. Tjeerd heeft er een bijzondere stropdas en ere-lidmaatschap van de vereniging aan overgehouden.  Aqua Vino had aansluitend aan de rondleiding een proeverij van Griekse wijnen klaar staan. Ook hier kwam de link met Odysseus en Oeds naar voren; onder andere de favoriete wijnen van cyclopen en van sirenen konden worden geproefd. 

De expositie ûnder de toer van Eagum is door een werkgroep onder leiding van Mim Hardege op poten gezet en is nog te zien tot en met 15 juli.

Duizendpoot Peter Sijbenga in hoofdrol Oeds fan Fierwei

Hij schreef het script, verzorgt samen met Sytse Broersma de muziek en pakt nu ook de hoofdrol op in het locatietheaterstuk Oeds fan Fierwei. ´It kaam no sa út en ik sjoch it as in ôfskiedskado foar Reduzum, dêr’t ik mear as tritich jier wenne ha’, zegt Peter Sijbenga er zelf over.

Oeds fan Fierwei is een Friestalige bewerking van de voor velen bekende Odyssee van Homerus. De voorstelling is een theatrale tocht in en rond de dorpen Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum. Deels worden bezoekers met bussen vervoerd, deels loopt men zelf door de landerijen naar de volgende theaterlocatie. Meer dan 100 inwoners uit de vier dorpen werken mee aan het schouwspel.

De voorstelling vertelt het verhaal van de thuiskomst van oorlogsheld Oeds (Odysseus). De feestcommissie is druk bezig met de festiviteiten in het kader van Culturele Hoofdstad 2018; de nieuwe fontein zal voor het eerst spuiten! Men heeft geen oog voor Oeds, die thuis zijn draai niet kan vinden, of zijn gezin. Oeds fan Fierwei laat de toeschouwer beleven wat Oeds beleefde op zijn reis naar huis, via toneel vol humor, muziek, zang, en prachtige kostuums. En dat midden in de natuur en midden in de dorpen.

Peter Sijbenga neemt de hoofdrol over van Popke van der Zee uit Mantgum, die zich noodgedwongen om gezondheidsredenen terug moest trekken. Sijbenga heeft een drukke tijd achter de rug, met onder andere het vertalen van de Matthäus Passion van Johann Sebastian Bach en de rockopera Tommy van The Who. Beide stukken vertaalde Sijbenga naar het Fries.

‘Dat is yndie wat hiel oars as it skriuwen fan in script foar in lokaasjetéater. Mar krekt dat ferskaat yn myn wurk fyn ik machtich moai. By it skriuwen seach ik Oeds al hielendal foar my. Dat ik dy rol no sels ek delsette mei, fyn ik wol hiel spesjaal. Oeds fan Fierwei is toaniel, muzyk en natoer yn ien. It wurdt in prachtige ûnderfining foar spilers en publyk!’

Oeds fan Fierwei is te zien op 27, 29 en 30 juni en 1, 6, 7, 8 en 13 juli. Kaarten zijn verkrijgbaar via theatergroepfier.nl/kaartferkeap

Regie: Janneke de Haan, tekst: Peter Sijbenga, muzikale begeleiding: Sytse Broersma/Peter Sijbenga Kostuums en decor: Geartsje van der Zee

Simmer 2018: Gryskse oarlochsheld Odysseus werom yn Fierwei

Yn ‘e simmer fan 2018 komt de Gryskse oarlochsheld Odysseus werom yn Fierwei, it Frykse doarpke dêr’t frou, bern en mienskip al sa lang op him wachtsje. Allinne, it komt dit jier wol wat rottich út. 2018 stiet ommers yn it teken fan feest, fan (iepen) mienskip, yn it teken fan it brede langstme ûnder de minsken om it goed mei mekoar te hawwen en te hâlden. Dus it is de fraach of de thúskomst fan ien, troch striid, oarloch en dea beswierre, no wol sa ’n fleurige bydrage oan al dy wille wêze sil. 

Mar toch is it wichtich dat hy delkomt. Wy sille twongen wurde stil te stean én in hiel ein op te rinnen mei in man, dy’t syn fertroude bertegrûn efterliet om yn Troje de striid te fieren út namme fan alle Friken. Dus wy binne it him einliks ferplichte, tusken alle kulturele hichtepunten, fonteinen en sjongerij troch, en nim him wer waarm op yn ‘e mienskip fan it bêste lân fan ‘e ierde, Frikelân. 

De foarstelling “Oeds fan Fierwei”, dêr giet dit stikje oer. In foarstelling yn it ramt fan it Ûnder de Toer-projekt, dat yn it noch jonge KH 2018-jier, al in pear foarstellingen oan Fryslân skonken hat, lykas “Marijke Muoi” yn Ljouwert en “De man dy’t hout dûnsje liet” yn Mantgum. En der komt noch folle mear ûnder ferskate tuorren rûnom. Ferhalen yn en om ‘e tsjerketoer, it plak, dêr’t ommers sa’n soad ferhalen ûntstean en ta in ein komme. 

Sa ek hjir. De tsjerken fan Reduzum, Idaerd en Friens stean simboal foar it betroude plak dat wy “thús” neame. Allinne, Oeds kin it thús net fine. Al ieuwen is it weromkommen út in oarloch, it weromkommen nei in swiere operaasje, it wer op ‘e nij de trie oppakke nei de dea fan in neiste, ien fan ‘e dreechste dingen dy ’t in minske oerkomme kin. Dus Oeds komt werom yn in mienskip dêr’t hy him net langer thús liket te fielen, en de mienskip fynt dat fansels net sa aardich. Wy hiene de man sa aardich tasongen, no moat er him wer in bytsje der byjaan! It is feest, no? 

Mar foar Oeds is de timpel leech. Gjin Goaden, gjin ferhaal. Leechte. Hoe moat it no komme ûnder de toer fan Fierwei? Yn “Oeds fan Fierwei” sille wy sjen of Oeds úteinlik it paad nei Fierwei weromfynt en of Fierwei syn romrofte soan wer in feilich thús biede kinne sil. En dat is net allinne mar in tragysk ferhaal, want gelokkich tilt it yn Fierwei op fan feestlike personaazjes, der wurdt hiel wat ôfsongen en dy fontein skynt ek hiel moai te wurden. Lit ús de mienskiplike taak op ús nimme en bliuw ticht by Oeds. Hy is ien fan ús, achtentweintichhûndert jier lyn én hjoed.